Douwe Kootstra
Schrijver, verteller & columnist

Voedselbos?

foto-gea-dk

‘Voedselbos gaat door’. Yn tiden dat ik nergens mear fan op sjoch, moat ik guon krantekoppen dochs twa kear lêze. Voed-sel-bos. Aha! ‘Er worden honderd soorten eetbare bomen en struiken geplant’, sa meldt it ‘Hoofdblad van Friesland sinds 1752’. Lekker foar it hynder fan Sinterklaas, de bisten fan de aai-tún, sirkus of manege? Nee, ’t is wat ûngelokkich formulearre mar it giet hjir om de beien, fruchten en nuten. Doel is dat bern ‘en andere bezoekers’ leare wêr’t iten wei komt. Leare dat der natuer is – of wat dêr foar troch gean moat – leare dat jo dingen út dy natuer helje meie en ite kinne. Hoe diep kan de mensheid zinken. Winst is der ek: de lânskipsdeskundigen betinke lekker bekjende brykspeakwurden as ‘voedselbosbomen’.
De plannen komme op in treflik momint want Ljouwert wol him graach profilearje as ‘eetbare stad’, stiet letterlik yn itselde krantestikje. Eetbare stad? Soargje dan earst ris dat ik jûns nei sânen wat fatsoenliks ite of drinke kin op Ljouwert CS as Arriva it foar de safolste kear ferdomd om trije minuten op de NS-yntercity te wachtsjen en ik in oere stikken slaan moat. Hawar. Soks sil grif allegear dik ynoarder komme as yn 2018 Leeuwarden de stralende meertalige Culturele Hoofdstad van Europa is.

Voedselbosbomen en -struiken binne aktueel. Ofrûne septimber bruts lanlik in ‘wel-of-niet-wildpluk’- diskusje út. Hieltyd mear (top)koks en oar sweverich kulifolk sette mei de gleufhoed op en in dikke fourwheeldrive ûnder de kont de natuer yn om dêr it sa populêre sabeare supervoedsel te sykjen. Guon natuerbeskermers binne dêr poer op tsjin want dat kin it moderne miljeu net mear oan. Boppedat moatte de fûgels ek wat te fretten hâlde.

Yn noch gjin heale iuw is de relaasje bern-natuer folslein kantele. Plukdiskusjes bestienen net. Sels yn en om it doe al hieltyd mear ferbetonnisearjende plofdoarp Drachten koenen wy yn alle folop foar rintmaster spylje. Wy sochten ammerkes fol toarnbeien, hazzelnuten en tamme kastanjes. Molken yn âlde stronttontsjes en molkbussen einen út en ferkochten de aaien oan de pleatslike bakkers. Wy klatteren yn aaklik hege beammen om nêsten út te heljen. Ik hie sels in bak fol seachmoal dêr’t in giga kolleksje útblaasde aaien yn lei. Wy groeven djippe gatten en dito falkûlen en smieten dy like hurd wer fol. Skeaten mei pylk en bôge op alles wat foarby kaam, bouden hutten en flotten. En nei ’t fiskjen bedarre de hiele fangst oan snoek, iel, foarn, bears of blei yn ’e koekepanne. Us mem wie der bliid mei. Tuskentroch besochten wy achter it doe noch rojaal waaksjende gemeentlike strewelleguod buorfamkes út it ûnderbroekje te praten, ek op dy leeftiid al in bysûndere foarm fan natuerbelibbing.
De sûkerskjinne prinsen en prinseskes fan no krije in skepke fan de gemeente en meie ûnder streng tafersjoch fan heit of mem foarsichtich even grave. Nei ôfrin is der supersûn biologys sop út de doarpstún. By it hek in rychje bakfytsen fersierd mei keunstblomkes en flachjes.

(Foto: Theun Wiersma)

(Gepubliceerd in het zomernummer van It Fryske Gea-magazine (2016)