Douwe Kootstra
Schrijver, verteller & columnist

Utgomme

Wethâlders komme en geane. Soms sitte se mar amper op it plús. Dy’t wat langer bliuwe, ha
dan ek reden om by it ôfskied achterom te sjen. Hokker fruchten hat it belied opsmiten? Wat
my altyd opfalt yn sa’n ynterview – meast ôfnommen troch in braaf streekblêdsje dat nul
kritise fragen stelt – is dat de wethâlder noait sizze sil dat hy of sy him breed makke hat foar
natuer en miljeu yn de gemeente. Nee, syn of har beliedssúksessen besteane sûnder
útsûndering út de bou fan hûzen, bedriuwen, rotondes, rûnwegen ensfh. It jout dúdlik oan
mei watfoar fyzje de beliedsmakkers noch altiten nei ús omjouwing sjogge. De minske stiet
sintraal, de planeet is fan en foar ús en wy hearskje der oer. It giet ivich en erflik om de
ekonomise foardielen. Alles moat nut ha. De natuer is in objekt, in ding en stiet op it twadde
plan. De regels om it lânskip te beskermjen komme der op provinsjaal en gemeentlik nivo op
del dat de (agrarise) ekonomy meastal oan it langste ein lûkt.

Aktuele foarbylden binne de gemeenten Waadhoeke en Dantumadiel. Waadhoeke wol
lânskippen ‘waarvan de gaafheid toch al is aangetast’ minder beskermje om de lânbou
(noch) mear de romte te jaan. It is in algemien tapaste gemeentlike logika dy’t der foar
soarget dat der wat langer wat mear autentike lânskipseleminten ferdwine.

Dantumadiel jout, alhiel neffens eigen foarskriften, in boer tastimming om oer de restanten
fan in drok bekuiere 14 de iuws tsjerkepaad in tsien meter brede trochgong oan te lizzen
ynklusyf it kappen fan de elzewâlen oan wjerskanten. Protesten fan boargers, lykas yn myn
wenplak Feanwâlden (gemeente Dantumadiel), wurde oan kant skood. De beswiermakkers
soenen neffens de beswierkommisje ‘niet belanghebbend’ wêze ek al kuierje der it hiele jier
troch hûnderten doarpelingen oer dat karakteristike âlde paadsje. Hoesa, ‘niet
belanghebbend’? De gemeentlike koarte termyntinkers ferjitte by harren beslissings dat se
de mienskip, de bewenners foar de safolste kear in hoeke fan harren kollektive, sichtbere
skiednis ûntnimme. It grouwe stik oerheidsgom hat desennium nei desennium, wethâlder
nei wethâlder in hiel histoarys lânskip fan de kaart poetst. Net allinne yn Dantumadiel mar
ek yn in protte oare gemeenten.

Altyd stribjend nei noch mear produksje binne de fjouwer omlizzende molke-yndustrieën
tanksij dat stik gom no oprukt nei de rânen fan ús doarp. De boarger, op syk nei in bytsje
skientme, wat natuer, koartsein in betsjuttingsfol libben – yn dizze tiden fan fitaal belang –
stiet ien stap bûten de bebouwing each yn each mei in totaal fernield lânskip.
De wethâlder sûnder kont yn de broek hat it neffens de streekblêdsjes en it gemeentlike PR-
proaza o sa goed foar mei it wolwêzen fan alle (!) ynwenners, mar ferskûlet him neffens
wenst achter de ‘wize’ adfizen fan de beswierskriftekommisje. De regels binne ommers kreas
folge. Dy iene agrarise ûndernimmer kin syn gong mar (wer) gean. Hûnderten frustrearre
doarpelingen bliuwe (wer) mei lege hannen achter. Hoe lang sil dit útgomjen noch troch
gean?

(Gepubliceerd in het voorjaarsnummer van It Fryske Gea-magazine (2021)