Douwe Kootstra
Schrijver, verteller & columnist
Ien fan de grutste prestaasjes fan it kabinet Rutte wie it ferbieden fan wylde bisten yn it sirkus. It kin ek oars. Set it sirkus om de wylde bisten hinne yn harren natuerlike omjouwing en der is gjin demonstrant te sjen. Jo moatte der al even foar nei Nij Seelân.
Sa sit ik op in jûn mids busfollen oare toeristen op in oerkape tribune oan it wetterfront fan it stedsje Oamaru oan de eastkust fan it Sudereilân. Dêr libbet in koloany blauwe pinguïns oftewol dwerchpinguïns. Dy wienen der froeger amper mear, mar as it oer natuerbeskerming giet dan witte se yn Nij Seelân fan oanpakken. En it mei wat kostje. Jo bouwe in bried- en ûndersyksstasjon om it stikje kust hinne dêr’t it gelokkich fiks tanimmend tal pinguïns no jûn yn jûn út oan lân slibberet. Jo pleatse links en rjochts fan dat landingsplakje twa mânske tribunes. It gehiel wurdt alhiel biologys ferantwurde ferljochte, sadat it publyk de deisluting fan de blauwe fiskjefretters goed folgje kin. Om it projekt in noch bettere finansjele basis te jaan, litte jo de jierliks opdravende 75.000 besikers der yn en der út troch in winkel fol sûveniers. Allinne de popcorn ûntbrekt.
Ik keapje op myn camping in kaartsje foar de twadde klas tribune. De folle djoerdere earsteklas sit tichter op de rûte rjochting sliepplakken, mar dan sjogge jo net it aldermoaiste, sa tipt myn campingbehearder: it oan lân spielen fan de oseaan-artysten en ferfolgens it drege beklimmen fan de rotsblokken. Op myn ticket stiet dat de foarstelling hjoed om 8.45pm begjinne sil. De start fan de show is keppele oan it tiidstip fan de sinne-ûndergong. Ik stean der fersteld fan dat de bistjes sa klokfêst binne.
Op it paad foar de tribunes dogge twa kommintatoaren ferslach, yn it Ingels en it Sinees. Sy fertelle op it folume fan in biljertferslachjouwer út en troch wat oer libben en wurk fan de haadrolspilers, dy’t ergens yn de freonlik weagjende Stille Oseaan yn oantocht wêze moatte; werom fan in lange dei fiskjen fier út ’e kust. De taskôgers meie gjin leven meitsje. En it is streng ferbean te fotografearjen, ja, sels it ljocht fan de telefoanskermkes mei net sichtber wêze. It soe de fetguoskes yn ’e war meitsje.
It wurdt stil en tsjuster op de tribunes. Ik sjoch op myn horloazje. De fûgels lizze in kertier achter op skema. Ynienen is der beweging yn it wetter. Spiterspetterspater, en dêr, hopla! is de kopgroep, sa’n 30 stiks. Yn ien golf litte se har op it smelle, swarte strân smite. Lûd kwêkjend en it fearrepakje útskodzjend klatterje se muoisum achter elkoar by de rotsblokken omheech, nei harren hokjes en hoalen. Mei tuskenskoften arrivearje de achterfolgers. Ploech nei ploech spielt oan. De omroppers hâlde de stân by: der binne 140 binnen.
Sûnder slotapplaus sko ik tsjin alven de nacht yn. In sirkus mei wylde bisten, moaier is der net.
(Gepubliceerd in het voorjaarsnummer van It Fryske Gea-magazine (2017)