Douwe Kootstra
Schrijver, verteller & columnist

Seurwjirm

Ik mei graach fjurke stoke. Foar it oan it brânen ta is, ha ik al knap wat oerkes funksjonele fitness achter de rêch: snoeie, kappe, seagje, klove, ferslepe, yn ’e karre, út ’e karre, ferkroadzje, opsteapelje ensfh. Myn houtmaat – hy hat gâns beammen op it hiem – en ik binne dagen gesellich dwaande mei de produksje, of, better sein: ferantwurde natuerbehear sûnder subsydzje. As alles teplak leit, sjoch ik mei in hiel tefreden gefoel nei myn folle hok; klearebare keunst, sa’n houtsje-bouwurk.

Dy tefredenheid groeit noch nei it bestudearjen fan myn ‘persoonlijk energierapport’ dat ik ien kear yn ’e moanne fan myn leveransier krij. Dat ferslach is net samar wat; it stiet fol mei staaf- en blokgrafykjes en oar statistys materiaal. As bewuste en enerzjysunige konsumint bin ik benammen nijsgjirrich nei de fergelikingen mei it lanlik gemiddelde ferbrûk. No, dat sit wol goed. Us frijsteande wenning út 1978 brûkt oan gas amper in kúb mear as in flat, ja, sels minder as in ‘tussenwoning’, dy’t bewenne wurdt troch twa persoanen. Leve de houtkachel! Ek mei it elektrys giet it noait raar; mei tank oan de seis sinnepanielen op de garaazje. Konklúzje: wy binne moai by de tiid, dy’t ommers fanút in panikerich en op miljeugebiet gronys achterop rinnend polityk Den Haach foarskriuwt dat wy as de bliksem fan it gas moatte. De flierren fan ús keuken en badkeamer, dêr’t ik trouwens meast minder as fiif minuten ûnder de dûs stean, wurde elektrys ferwaarme. Dat jout figuerlik en letterlik (ek wer) in goed gefoel. 

Mar. Hjoeddedei is der by alles wat de mins docht, in mar. Dy bestiet diskear út in folfretten houtwjirm yn myn geweten, dy’t my hieltyd ynflústeret at ik wol wit dat myn Barbas-foarsetkacheltsje ferpakt yn wolken CO2-fijnstof sa’n twintich giftige reekgassen de loft ynjaget. En dat minsken dus kleie oer ‘houtrookoverlast’. Dat hiele strjitten de ruten fan de sliepkeamer geregeld ticht hâlde moatte omdat der ûnder de tanimmende ‘gasdruk’ aloan mear hout- en pelletkachels komme. En dat ik de morele ferplichting ha om earst op ‘Stookwijzer.nu’ te tsjekken at waar en wyn yn myn omjouwing geskikt binne foar in gesellich fjurke. ‘Mar ik brûk altyd rysdrûch en skjin, ûnbewurke hout,’ lis ik der tsjinyn. ‘Makket net folle út,’ lispelet myn pleaggeast, ‘do silst gau oan de waarmtepomp moatte, jonkje.’ It is of hear ik it duorsume klimaattafel-orakel Diederik S. ratteljen.

Europa seach in skoftsje lyn de reekplûmen al hingjen. Yn 2015 kaam der in richtlijn Ecodesign. Nederlân rikke ûnder de besielende lieding fan de fisionêr-griene kabinetten Rutte ûnderwylst fleurich fierder. Pas mei yngong fan 2022 meie yn ús lân allinne noch mar kachels ferkocht wurde dy’t foldogge oan de Ecodesign richtline. Ik snoer myn as storein oanhâldende gewetenswjirm de bek mei de fraach at er miskien wit hoe’t ik strak gasleas en wol oan myn end-of-pipe kacheloplossing kom. ‘Freegje dat dy Diederik mar,’ mûlket er, ‘dy wit altyd oeral in antwurd op.’

(Gepubliceerd in het voorjaarsnummer van It Fryske Gea-magazine (2019)