Douwe Kootstra
Schrijver, verteller & columnist
As humanist hâld ik altiten hoop dat de minske, dy’t alle ellinde op ierde feroarsaket, ek by steat is om mei oplossingen te kommen. Seker yn dizze ûnrêstige tiden, wêryn’t de grutste en domste razers de measte media-oandacht krije. De massa wurdt bang makke, mar wit net fan de feiten omdat dy noait fierder sjocht as RTL-Boulevard, en, mei in bytsje gelok, de koppen yn ’e Telegraaf. Mei it miljeu giet it net oars. Greenpeace bijgelyks spekulearret oan ien tried wei op de eangst foar de takomst: pas op, folk, jim oerlibbingsklokje stiet op ien minút foar tolven, it komt op ’e kop ferkeard! Tink om jim leave pake- en beppesizzers! Jo moatte as aksje- en miljeuclub ommers hieltyd mar wer oansprekkendedoelen betinke omde potten te spekken. Sa waard ik koartlyn belle troch Milieudefensie om ekstra jild te jaan foar in nij probleemprojekt: rikjende, lawaaimeitsjende en te hurd ridende scooters yn’e stêden. Tsja.
Gelokkich is der no it resint ferskynde boek Alles wordt beter nou ja, bijna alles), skreaun troch Elsevier-wittenskipssjoernalist, gemicus en sels beneamde ‘rasoptimist’ Simon Rozendaal. In nijsgjirrich boek, hoewol’t it net, om it mar ris foarsichtich te sizzen, myn favorite tema is. De 291 bledsiden binne in lofsang op it kapitalisme en de wolfeart. Kearn fan Rozendaals flot skreaune ferhaal is dat tanksij de trije motors fan de foarútgong, evolúsje, technology en beskaving, alle problemen dêr’t it minsdom mei tangele sit (hast) oplost binne, of, op syn minst, hielendal ûnder kontrole. En dan giet it û.o. oer opwaarming, ozongatten, fersmoarging, fijnstof, it lytser wurden fan de biodiversiteit, mar ek oer kanker, obesitas, aids, groei fan de wrâldbefolking. Hy freget him ôf waarom zoveel mensenmenen dat de wereld, de mensheid dan wel de planeet naar de ratsmodee gaat, terwijl alle cijfers uitwijzen dat dit niet zo is. En dan toant er yndied mei sifers fan allerhanne ynternasjonale ynstituten oan dat it allegear o sa tafalt. Ik moat sizze dat er dat mei oertsjûging docht. Nee, hy neamt spitigernôch net de yntinsive lânbou dy’t it ferdwinen fan de greidefûgels feroarsaket. Dat is grif in ûnderwerp dat te fier ôf stiet fan skriuwende yntellektuelen út ’e rânestêd.
Rozendaal is der, sjoen de ûnderfinings fan de lêste fjirtich jier, fan oertsjûge dat minsken in oanberne leafde ha foar natuer en bisten sadree’t se brea op de planke ha en in dak boppe de holle. Pas dan meitsje se har drok om de natuer, in skjin miljeu en it wolwêzen fan bisten, skriuwt er. Gjin alhiel logise redenearring mar miskien is dit wol in typise foarm fan neo-liberaal optimisme. Wylst ik dit skriuw, begjin novimber, is der troch it Wrâld Natuer Fûns krekt in Living Planning Report útbrocht, it earste foar Nederlân. It konkludearret foarsichtich dat it op guon ûnderdieltsjes fan de Nederlânse natuer in hiel lyts bytsje better giet. Soe Rozendaal dan dochs (wat) gelyk ha?
(Gepubliceerd in het nummer van It Fryske Gea-magazine (2015)