Douwe Kootstra
Schrijver, verteller & columnist
It rike guozzebestân yn Fryslân is in grut probleem, teminsten dat fynt de lânbousektor. De oerheid (provinsje Fryslân) en de natuerbeskermingsorganisaasjes sitte der ûnderwylst goed mei oanklaud. Wat sa’n sechtich jier lyn begûn as in eksperimint – biologen setten yn Súd-Fryslân in pear spantsjes skiere guozzen út omdat de biotoop harren dêr sa geskikt foar like – is útdraaid op in ûnbehearsber sukses. Wat no te dwaan? Sjitte? Ferjeie? Aaien lek stekke? Fergiftigje? Fergasse? Bombardearje? Moai gewurde litte en de lânboumetoaden feroarje? Net ien wit it en as ien it al tinkt te witten (provinsje) dan is de oar (natuerclubs) der poer op tsjin. En as it rjochting in oplossing liket te gean, dan roppe de jagers yn koar dat se der neat mei kinne.
Nee, dan Nij-Seelân. Dêr binne se it o sa iens. Ik ha my de eagen útsjoen. Wêr giet it dêr om. Doe’t de stream kolonisten om 1860 hinne op gong kaam, namen dy bewust of ûnbewust allerhanne bisteguod mei. Dy ynfasy troch de jierren hinne fan in breed spektrum oan eksoaten is útrûn op in ekologise ramp. De oarspronklike fauna en flora waard en wurdt kompleet opfretten troch gasten as harmeling, fret, wezeling, rat en de ferwyldere kat. De allergrutste bedriging lykwols is dat aaibere poezelige bistje mei dy grappige puntearkes, dat spitse rôze snútsje en dy prachtich brune eagen: de possum. Biologen skatte dat der yn hiel Nij-Seelân tusken de 50 en 70 miljoen possums libje. Dy frette mei elkoar yn ien nacht tonnen oan blêden, tûkjes en beien op. Mar freon possum – mei de waarme groetnis út Australië – is net sinnich. Hy pakt ek de aaien en de jongen fan de autochtoane fûgels; dêr bliuwt neat fan oer, krekt likemin as fan de bosken.
Al autoridend oer it Noarder- en Sudereilân sjoch ik oeral lâns de wegen deariden possums. As ik by in Nij-Seelânse famylje útfanhûzje, wol de gastfrou my nei it jûnsiten wat sjen litte. Wy dogge in slach troch it natuerterrein achter harren hûs. Dêr steane om de safolle meter fallen mei in aai der yn. Sa hat Mary yn in heal jier al fyftich possums fongen, fertelt se grutsk. ‘En dan?’ freegje ik, ‘want dat bist sit libben yn dy fangkoai.’ ‘Dan rin ik nei de buorman,’ glimket se, ‘en dy hat in gewear mei in demper der op. En hy krijt jild foar it bûntjaske.’
Yn oare natuergebieten sjoch ik dat The deadly invaders (killing our forests!) op in rigoreuze en massale wize oanpakt wurde. Oeral steane read-wite warskôgingsbuorden mei deadskoppen der op: Warning Poison! Kuierders moatte bern en hûnen goed yn ’e gaten hâlde. En bliuw op de paden, want yn dit gebiet steane hûnderten fallen (animal kill trap). Frijwilligers fan natuerclubs hâlde alles fanatyk by. Oer it wol of net brûken fan fergif en oare, by ús minder gongbere oanpakken, is totaal gjin diskusje. Der is mar ien fijân: the invaders!
Hoesa guozzepleach yn Fryslân?
(Gepubliceerd in het winternummer van It Fryske Gea-magazine (2017)