Douwe Kootstra
Schrijver, verteller & columnist
‘Dokter, ik ha sa’n lêst fan… toe ju, hoe hjit dat ek al wer, o ja, landschapspijn. Ha jo dêr ek wat foar?’
‘Wat binne krekt de ferskynsels?’
‘No, eh… trienjende eagen, dokter, plus stressige pineholle en ik wurd geregeld lulk.’
As de húsarts fan ’t simmer de media wat folge hat, dan wit er wat de pasjint mankearret.
Landschapspijn. De kwaal soe daliks in moaie Fryske namme ha moatte no’t in hurd groeiend oantal gefoelige ynwenners fan Fryslân der ûnder te lijen hat, libjend yn in monotoan-keale provinsje sûnder greidefûgels.
Sels ha ik der al hiel lang lêst fan. Geregeld kuierje ik by in braak lizzende hoeke gerslân del. Sa’n tsien jier lyn is dêr in rige karakteristike arbeiderswenninkjes ôfbrutsen en der is noait wat foar yn it plak kaam. Ja, in flakte dy’t út en troch meand wurdt. Foaral maitiids docht it my as ymker sear oan ’e eagen, en dan tink ik suver wat grimmitich: kom op wenningkorporaasje, wês ris kreatyf. Mar nee, net ien dy’t op it idee komt sa’n hoeke op te fleurjen mei ynsektefreonlike blommen. Ek net nei alle konstante, brede publisiteit oer it dramatys achterút gean fan (wylde) bijen, flinters, krobben en al dy oare nuttige ynsekten.
Dus luts dizze pasjint sels mar ris oan ’e belle by de eigner, de noardeastlike gigant-wenningferhierder. Kontakt krije foel noch net ta. Uteinlik rekke ik fia de front desk officer, de omgevings relatiemanager en de woonconsulent projekten nei in dei as wat te plak by de contract- en carthotheekbeheerder. Dy wie daliks posityf. Op syn fersyk sette ik myn foarstel op ’e mail: As jim no de grûn justjes los meitsje, dan soargje ik foar it goeie blomsied en it ynsiedzjen. Simpel. Nei in skoftsje krige ik noch al de ferrassende fraach wat de gefolgen foar de ‘omwonenden’ wienen, soenen dy der miskien lêst fan krije? Oeps! Buorlju kinne jo yn dizze ik-sil-dy-wol-krije-maatskippij net genôch rekken mei hâlde want der is altyd wol ien dy’t wat te beswierjen hat en op syn minst mei de Raad van State driget. In delbêdzjende mail fan myn kant folge; wat soe sa’n kleurich bloeiend fjild no foar problemen opleverje? De hiele omjouwing knapt der fan op en de natuer profitearret.
Klear? Nee. It ‘groenbedrijf’, dat de bewuste steppe yn ûnderhâld hat, moast noch adfys jaan. Nei wiken fan stilte ha ’k wer maild. Ja, de griene firma hie ’t besjoen en konkludearre dat de boppelaach flink losmakke wurde moast. En dat soe tefolle jild kostje, spitich. De mailwiksel bleau posityf fan toan: it wie seker in idee om foar de takomst yn ’e achterholle te hâlden.
Konklúzje: de ekonomy wint altyd; natuer mei neat kostje.
En fansels in miste kâns foar de wenningkorporaasje, dy’t neffens syn webside de ‘leefbaarheid woonomgeving’ heech yn it findel hat. Mar wat ha jo oan ‘moderne, duurzame’ wennings yn in doarp dêr’t de minsken geregeld lêst ha fan landschapspijnen?
(Foto: Theun Wiersma)
(Gepubliceerd in het herfstnummer van It Fryske Gea-magazine (2016)