Douwe Kootstra
Schrijver, verteller & columnist

Kontakten

De iepenbiere romte kin net sûnder keunst. Dy keunst lit jo faak letterlik in momint stil stean. Teminsten, sa giet it my. Even tiid foar bewûndering, fragen of argewaasje.

Sa die ik fan ’t simmer in slach troch it natuergebiet It Ketliker Skar. Midden yn de wike, dus rûnom rêst. Ik hie der yn gjin jierren west. It wie op ’e nij in grutte ferrassing dêr’t alle klisjees fan hoe-moai-it-is op loslitten wurde kinne. It meast bysûndere is dat jo fan de ‘hege‘ Ketlikerheide troch in âld bosk stadich ôfsakje nei de Tsjongerfallei; dat kin yn Fryslân net op in protte plakken. Op de weromreis stuitte ik mids hege boeken op twa mânske stiennen, in keunstwurk fan de Drachtster byldhouwer Anne Woudwyk dy’t dêr mei syn hammers en beitels in pear gûlende wolven ferivige hat. As ferhaleferteller sprekt de wolf my oan, hy is altyd goed foar in spannende achterfolging troch in winterlânskip by ljochtmoanne. De Ketliker wolven jouwe in dúdlik signaal ôf: der is ûnried. Kontakt mei soartgenoaten sille se net gau meitsje want om 1600 hinne waard de lêste Fryske Canis lupus yn de bosken fan Beetstersweach troch de minske – wa oars – dea makke. Dat wist de keunstner en dus beitele hy op twa oare lokaasjes ek ‘Odes aan de wolf´: yn Park Huize Olterterp en yn de Lindefallei, stiennen soartgenoaten dy’t elkoar tagûle, warskôgje.

Doe’t ik thús de bisten op in rychje sette – de keunstwurken binne, sa die bliken, bewust op ien lijn pleatst – fûn ik yn Terherne noch in wolf fan Woudwyk. Se datearje allegear fan mids jierren njoggentich en it boadskip is helder: as de minske sa troch giet, bliuwt der fan de natuer neat oer.
De keunstner wie mei syn tema wolven as symboal foar it ferdwinen fan de biodiversiteit syn tiid foarút. Noait hie er tinke kind dat krapoan 25 jier letter politike partijen yn de Fryske steaten Fryslân ynienen ‘wolvenvrij’ hâlde wolle. In foar natuer en miljeu deadlike cocktail fan PVV, CDA, Forum, VVD en Christen Unie ferordonearre dat de wolf, dy’t it nei 400 jier út en troch hiel foarsichtich wer ris besiket yn ús regio, bûten de Fryske grinzen bliuwe moat. Sjoen de beskermjende Europese wetjouwing in folslein kânsleaze missy en allinnich mar bedoeld as in trochsichtige elektorale manoeuvre foar de lytse boere-bühne, dêr’t yn de bewende refleks daliks wer gâns ach en wee en hânophâlderij weikomt. Foaral de Christen Unie hie ik wizer ha wold. Dy oars wol aardich griene partij hat de skepping ynklusyf freon wolf tekstfêst yn it findel stean mar giet daliks selektyf troch de artrose-ankels as de agrarise sektor begjint te piipjen. It soe jo ris in hânfol stimmen kostje kinne by de folgjende ferkiezings.

Nettsjinsteande de domkoppige politike aksje is mar ien konklúzje mooglik: it duorret net lang mear of de wachtsjende Woudwykwolven sille kontakt meitsje kinne mei de net te kearen gasten fan fleis en bloed.

(Gepubliceerd in het herfstnummer van It Fryske Gea-magazine (2020)