Douwe Kootstra
Schrijver, verteller & columnist

In minske?

Lêstendeis fertelde ik it ferhaal fan it Javaanse dwerchhert Kantjil. Nei ôfrin fan de foarstelling seit in frou tsjin my: ‘De wrâld is rûch en wa’t him net rêde kin is slûch.’ En sa is ‘t. Lês sels mar.

It âlde, swakke dwerchhert Kantjil is oan de ein fan de middei op syk nei iten. Ynienen heart er in jakhals gûlen. Kantjil wurdt kjel, mar hat gjin enerzjy mear om út te naaien.
‘Ha, dêr stiet myn jûnsmiel al!’ jankhalzet de jakhals. ’Besykje mar net te ûntkommen.’
‘Ik soe net doarre,’ antwurdet Kantjil. ‘Do witst hiel goed dat wy dwerchherten makke binne om foar jim as fretten te tsjinjen. Boppedat is der op Java gjin sneller en sterker bist as de jakhals.’
De jakhals groeit ûnder de kompliminten.
‘No ja,’ giet Kantjil fierder, ‘gjin bist kin oan dy ûntkomme, behalve ien. Dat is de minske.’
‘Mins-ke?’ priuwt de jakhals ferbaasd. ‘Noait fan heard, wat is dat foar bist?’
Kantjil giet der wat nofliker by stean. ‘In minske hat twa skonken.’
‘Sokssawat as in hin?’grapket de jakhals.
Kantjil skodhollet. ‘Ynstee fan wjukken hat er twa earms en hannen.’
‘En hat er ek klauwen en skerpe tosken?’ wol de jakhals witte.
‘Nee,’ seit kantjil.
‘Moai, moai,’ knikt de jakhals tefreden. ’Dat klinkt net as in gefaarlik dier. Bring my daliks nei it nêst fan in minske. Ik ha wol sin oan ien.’
Kantjil skodhollet.
‘Kalm oan, do. De minske hat noch wat oars: ferstân.’
Dat snapt de jakhals net. Hy hat gjin idee wat ferstân is.
‘Ik sil ’t dy sjen litte. Kom mei nei it brede paad,’ nûget Kantjil. ‘Dêr ferstopje wy ús yn de bamboeboskjes en komt der fansels in minske foarby. En dan fernimst ek wat ferstân is.’
Al gau komt der in bern oan draven.
‘Is dat in minske?’ freget de hongerige jakhals.
‘Rinne litte,’ kommandearret Kantjil, ‘dat moat noch ien wurde.’
Dan strampelet in âld man mei in stok oer it paad.
‘Is dat der ien?’ De jakhals is amper te hâlden, hy is sa roppich as in hynder.
‘Te âld. Net te fretten,’ beslist Kantjil. ‘Foaral dy tredde poat net.’
It duorret even. De sinne sakket hurd achter de hege palmen. Kantjil heart de mage fan de jakhals rommeljen. Hoe lang kin dit noch duorje?
Mar wa’s dat? Dêr, yn ’e fierte, komt in jager oanstappen, it gewear oer ’t skouder.
‘Hy is in echt minske, mei ferstân,’ flústeret Kantjil. ‘As’t no wat jakhals bist, dan spatst der foar.’
‘Ja, mar hy hat ek in tredde poat,’ merkt de jakhals op.
‘Dizze is frekte lekker,’ glimket Kantjil. ‘Pak em! Gau!’
De jakhals stiet mei ien sprong op it paad. De jager is daliks beret en sjit de jakhals dea.
As Kantjil him jûns del jout – hy hat dochs noch wat te fretten fûn – tinkt er: ‘Ik bin net sterk, mar wol aardich tûk.’

(Gepubliceerd in het voorjaarsnummer van It Fryske Gea-magazine (2016)