Douwe Kootstra
Schrijver, verteller & columnist

Beam

Mei it natuermonumint deun njonken ús hûs ha ik in haat-leafdeferhâlding. De sa likernôch 18 meter hege swarte els – omtrek 224 sentimeter- is mei syn alle kanten útbrûzjende koroanakapsel in opfallend oerbliuwsel út de perioade foardat ús jierren santich wenwyk út de grûn stampt waard. Dizze âldfader wie lang lyn ‘gewoan’ in beamke út sa’n klassyk rychje elzen oan in boeresleatsje yn it kûlisselânskip fan de Fryske Wâlden.

By’t hjerst en maitiids ferflok ik him omdat er dan fiks yn de rui is. Ik moat myn natuerbehear sokke tiden hegerop sykje om goaten en ôffieren frij te meitsjen fan amersfol blêden, katsjes, proppen en tûken. Ien kear wetterskea troch in ferstoppe pipe is genôch. Yn ús relaasje ferliest de haat it lywols rojaal fan de leafde. De enoarme oerflakte fan syn djip-grillige bast is in aaiwytryk sneupersparadys foar beamklever, -krûper, grutte bûnte spjocht en mees. Troch it sydrút mei ik alle dagen genietsje fan harren ûnfoarspelbere patrûljes. It útsjoch op sa’n libben monumint is noait gelyk en de kolossale kolom hout is in ûnwrikbere basis foar de nêst- en flearmûzekasten.

Wannear’t ik hjerstmis of winterdeis yn syn krún in ferskaat oan fyn fûgelpraat tinkeljen hear, is dat meast in wolk syskes of putterkes dy’t siedsjes út de elzeproppen fiskje. Mei in bytsje gelok sjoch ik se even letter werom yn it selskip fan soms samar twintich finken. As in kleurryk flierkleed bewege se harren oer de oprit, drok itend fan de massaal by elkoar waaide elzesiedsjes. Sa stadichoan ha ik in aardich listje mei waarnimmings. In hast kompleet fûgelgidske oan soarten fynt yn alle seizoenen skaad en beskûl yn ús reuze-els. Kwesty fan goed harkje en sjen. Dat sjen falt nachts fansels net ta, mar hy is der wol, de stienmurd. Doe’t ús auto lêstendeis foar in beurt yn de garaazje wie, belle de resepsjonist mei de fleurige meidieling: ‘Jo turboslange hat marterskade.’ Ik wit no teminsten wêr’t dat ding sit; al wer wat leard tanksij de biodiversiteit om hûs en hear.

Sjongt maitiids heech yn de elzetop de trouwe bûnte lyster syn prachtsangen, oan de foet, yn in ûndjippe hoale, hâldt Thür de wacht. It kabouterke komt streekrjocht út Gräfenroda dêr’t al sûnt 1874 in kabouterfabrykje stiet. It pypkjende terracottamantsje ha ik daliks in fêst kontrakt jûn. Syn funksje: beskermhear fan de beam. Ik leau yn gjin inkele god mar de ferhaleferteller yn my leaut wol yn kabouters. Al sûnt de iere midsiuwen swalkje dizze ierdmantsjes troch de bosken fan Noardwest-Europa. Froeger woene se net doge, jo moasten der foar oppasse hoewol’t de konflikten altyd in minsklike oarsaak hiene. Ik soe stommegraach wolle dat der op ’t heden folle mear fan sokke âlderwets lulke kabouters omstapten want der wurde hjoed de dei troch oerheid en partikulieren noch te faak sûnder needsaak beammen omseage. Elk hat altyd wol in ferlechje om nei de motorseage te gripen.

Enfin, Thür hat syn strenge ynstruksjes, dus mei de elze-kening moat it goed komme.

(Gepubliceerd in het zomernummer van It Fryske Gea-magazine (2021)