Douwe Kootstra
Schrijver, verteller & columnist
Op it hiem skarrelje in team hintsjes en in spantsje pauwen. Achter de freding sitte de bordercollies Mink en Djodjo my strak oan te sjen. Ik sil in moarn op stap mei Ko Waring. Syn kudde Drintse skiep begraast al jierren de Bakkefeanster heide.
Yn de skieppeskuorre is it opfallend stil. Ik wol amper leauwe dat dêr sa’n 270 oaien en lammen tahâlde. ‘Se binne noch oan it wekker wurden,’ seit Ko. ‘Se hâlde fan in fêst ritme, moarns en middeis op deselde tiid der út en der yn. Dat ritme is hillich.’
As er om healwei tsienen de doarren iepen docht, streamt syn wollefolkje kalm it Mandefjild op. Se kenne it paad nei de heide; sprintkampioen Mink hoecht amper wat te dwaan. Wy rinne der achter oan. Foar de kudde út sjoch ik sweltsjes en in boumantsje fleanen. Se fange de ynsekten dy’t de skieppepoatsjes út de fegetaasje opjeie. ‘Skiep moatte rinne,’ leit Ko út, ‘as se net rinne, frette se net.’ Hy fertelt dat se ynkoarten skeard wurde. De jaskes fan de dames geane nei de bekende tekstylkeunstner Claudia Jongstra. ‘Ik bin der grutsk op dat de wol fan myn kudde rûnom op de wrâld yn musea hinget,’ laket er. Nei in heal oere binne wy by de Bakkefeanster Heide. It storeinen is ophâlden. De kudde swaarmet yn lange slierten út oer de smelle paadsjes dy’t dei yn dei út betrape wurde. Fierôf ropt in wylp. Yn de beammen tierelieret lyts fûgelguod. Wy bliuwe stean. It praat komt op de wolf. Ko makket him der net drok om. ‘Sa’n bist wurdt hjir hielendal gek: al dy hekken, al dy feeroasters, al dy drokke wegen.’
Doel fan de begrazing is in iepen lânskip. Foar de herder en syn harem in útdaging. ‘Hjir steane in protte beammen. Ik neam dit wol ris “de moeilijkste heide van Nederland”, in echte kreamkeamer foar opsjittend grien. As de kudde der net wie, groeide alles daliks wer ticht en ferdwynt de heide. Gelokkich ha we help fan ús njoggen Exmoorpony’s.’
De skiep wurde wei yn de justjes heuveljende begroeiïng mei hjir en dêr bloeiende pôlen dopheide. Op ’e neimiddei hellet Ko se wer op; alle seizoenen itselde izeren ritme.
Op de weromreis wol hy my noch syn rammen sjen litte, syn “gladiatoaren”, sa’t er se grutsk neamt. Se rinne yn in apart stik lân. As Mink se op kommando út in droege sleat driuwt, drafkje se alle twintich strak yn it gelid kop oan kop troch it fjild fol soerstâlen. Ik hear de sierlike krulhoarnen tsjin elkoar ketsen. De bêsten meie fan ’t hjerst yn aksje komme.
Wy stekke dwersoer troch in ticht stikje bosk. Ko plukt wat út it stikeltried: ‘Sjoch, dassehier.’ De burcht, in lange sânrêch, is deunby. Myn gids wiist op de paadsjes en in draaiplak yn it sân. ‘Dêr hat ien him poetst.’
Tsjin tolven sitte wy oan de kofje. Ik ha in protte leard.